FNP Achtkarspelen lilk: Wêrom moatte wy staken ferset gaswinning út media fernimme?

De FNP yn Achtkarspelen hat grutte muoite mei it beslút fan it kolleezje fan B&W om it ferset tsjin de ferlinging fan de gaswinning by Surhústerfean te staken. De partij komt mei skriftlike fragen oer dat beslút.
De riedseal fan Achtkarspelen © Omrop Fryslân, Joris Kalma
De partij fynt it nuver dat de gemeenteried net ynljochte is oer dat beslút. De FNP moast út de media fernimme dat Achtkarspelen him delleit by fierdere gaswinning yn Surhusterfean.
Fierder fynt de FNP it apart dat oare gemeenten lykas Smellingerlân wol in brânbrief ûndertekene hawwe oan de minister oer mooglike ierdbevingen troch de gaswinning.
Yn april makke it kolleezje fan B&W noch wol beswier, mar dat waard ôfwiisd troch it ministearje fan Ekonomyske Saken. Langer trochgean mei gaswinning yn lytse fjilden lykas Surhústerfean past yn it belied fan it ministearje.