Boereprotest op 1 oktober: "Wel Formule 1, maar geen ruimte voor boeren?"

Geiteboer Bart van der Hoog fan Wyns is bot fernuvere oer útspraken fan minister Bruno Bruins fan Sport. Dy wol der alles oan dwaan om de Formule 1 takom jier trochgean te litten. "Dan snap je er niks van", seit Van der Hoog. "Wat is er nu belangrijker: een goede voedselvoorziening dat agrarische bedrijven door kunnen, of dat we volgend jaar ergens op een zondagmiddag naar de Formule 1 kunnen kijken? Voor mij is de keuze wel helder."
Boereprotest op 1 oktober, wol formule 1 mar gjin romte foar boeren slacht nergens op
Van der Hoog hat sûnt oardel jier tegearre mei syn frou in biologysk melkbedriuw mei 600 geiten. Hy folget krekt as oare boeren de diskusje oer stikstofútstjit sûnt de PAS (Programma Aanpak Stikstof), dêr't yn regele wurdt hoefolle stikstof in bedriuw útstjitte mei, yn maaie troch de rjochter yn it jiskefet smiten is.
Dêrtroch kinne boeren en ek oare ekonomyske sektoaren, lykas de bou, net fierder om't der gjin nije fergunningen útjûn wurde foar projekten dy't stikstof útstjitte.
Van der Hoog hat op dit stuit noch gjin lêst fan de stikstofproblemen en it ôfskaffen fan de PAS. Mar hy rint wol mei plannen om om it bedriuw yn de takomst te modernisearjen. Dêr is in boufergunning foar nedich. Dat sil dreech wurde as der net in nije wetjouwing komt, konstatearret hy.

Mjitte mei twa maten

Wat Van der Hoog net snapt, is dat ferskate oare sektoaren lykas de loftfeart mei Schiphol hûnderttûzenen flechten yn it jier meitsje kinne, wylst se dêrfoar gjin stikstoffergunning hawwe. Dat is mjitte mei twa maten, fynt hy.
Op syn eigen bedriuw jout hy alle jierren tûzenen euro's út oan fergunningen dy't mei wolwêzen fan bisten en miljeu te krijen hawwe. It wurdt tiid dat dêr goed nei sjoen wurdt, fynt hy.

Demonstraasje

De demonstraasje fan takom wike fan boeren út it hiele lân hat syn sympaty al giet hy sels net. Dêrfoar hat hy it te drok. De boeren fine dat der fierstente bot nei de lânbousektor sjoen wurdt as it om problemen giet mei bygelyks it miljeu en greidefûgels. Van der Hoog fynt dat der goed mei it miljeu en mei bisten omsprongen wurde moat, mar de polityk moat de lânbou wol earlik behannelje en genôch romte jaan.
Geiteboer Bart van der Hoog fan Wyns © Omrop Fryslân, Gerrit de Boer