MSC moat noch hast twa miljoen euro oan claims betelje

Foar noch hast 2 miljoen euro oan claims steane iepen by rederij MSC dy't it bedriuw noch net útbetelle hat. Dat docht bliken út in brief fan minister Van Nieuwenhuizen fan Ynfrastruktuer en Wettersteat. De claims binne anneks mei de kontenerramp mei de MSC Zoe, begjin jannewaris fan dit jier. Dat skip ferlear doe 342 konteners boppe de Waadeilannen.
© Onderzoeksraad voor Veiligheid
Minister Van Nieuwenhuizen hat dy brief skrean as reaksje op skriftlike fragen fan twa keamerleden: Aukje de Vries fan Ljouwert, keamerlid foar de VVD, en fan VVD-er Remco Dijkstra. Sy hiene twa wiken lyn, op 12 septimber, fragen steld oer in artikel yn Trouw. Dat frege him ôf wat de stân fan saken wie wat de skeafergoedingen oanbelanget.
Want natuerorganisaasjes, it Ryk en gemeenten hawwe al in soad opromwurksumheden útfierd, mar binne dy kosten ek al echt werombetelle? No dêr hat de minister resint antwurd op jûn. En dêr sitte noch wol in pear nijsgjirrige saken by.

Trije miljoen

Begjin april is mei elkoar goed trije miljoen euro oan claims yntsjinne binne by MSC. Dat komt dan fan dat spesjale skealoket fan Rykswettersteat. Dy claims hawwe oerheden en natuerorganisaasjes yntsjinne. En de reder hat dêrfan ein juny yn totaal 6 ton fan fergoede. Dan hat MSC ek noch trije ton betelle oan bedriuwen dy't streekrjocht in claim by har yntsjinne hiene. En der binne ek aardich wat claims ôfwiisd: yn totaal hast in heal miljoen. Dêrfan hat MSC sein: dizze kosten binne ûnterjochte opfierd, dêr binne wy net ferantwurdlik foar.
Al mei betsjut dat op dit stuit, dat der noch hast twa miljoen euro oan claims lizze. Dêrfan is oardel miljoen fan it Ryk, en sa'n fjouwer ton fan gemeenten en oare organisaasjes. Dat jild moat MSC dus noch hieltyd útbetelje. En dat stekt wol echt, sa blykt ek út de wurden fan de minister. MSC hat de kosten fan de kontenerramp sels op goed 35 miljoen euro rûsd. Dat giet dan spesifyk om de hiele bergingsoperaasje. De minister seit it spitich te finen dat MSC dan mei it útbeteljen fan it restant fan de claims, dus noch sa'n twa miljoen euro, safolle tiid nimt.
Der is noch in soad kontakt tusken MSC en Rykswettersteat oer de ôfhanneling fan de claims en de gefolgen. De brief fan de minister sprekt oer deistich kontakt om alles op in goeie wize op te lossen.

Petearen

Op dit stuit wurde der petearen fierd oer in oerienkomst foar de fierdere ôfhanneling fan de skea en de bergingsoperaasje. It Ryk hat MSC fansels earder al oanspraaklik steld foar alle skea, en der wurdt no besocht om te soargjen dat alle restearjende lading dy't noch yn see leit te bergjen. En bygelyks ek om alle takomstige opromkosten, fan guod dat noch oanspiele kin, dekke te kinnen. Dat is fansels ek hiel wichtich, want der kin noch jierrenlang guod oanspiele op bygelyks de Waadeilannen.
De minister skriuwt dat dêr hurd oan wurke wurdt, mar dat de kommende wiken noch in soad stappen troch MSC set wurde moatte.
Lês alles oer de kontenerramp yn ús dossier.