Yad Vashem-ûnderskieding útrikt foar rêden bern yn Twadde Wrâldoarloch

25 sep 2019 - 17:20

Yn Ljouwert is woansdei de Yad Vashem ûnderskieding postúm útrikt oan seis minsken dy't yn de Twadde Wrâldoarloch it libben fan Joadske boargers rêden hawwe. Ien fan dizze minsken is Iet van Dijk. Sy hat as Amsterdamske studinte mear as 100 bern nei ûnderdûkgesinnen brocht. Histoarikus Bert Jan Flim is al in skoft dwaande om de ûnderskieding foar har te krijen.

Alfred Schachner

Oant syn 50-ste woe hy der net oer prate, Dat hy Joadsk wie, dat hy einlik Alfred Schachner hiet en dat syn echte âlden omkommen wiene yn Auschwitz. No fynt Fred van Vliet fan Harns it wichtich om it ferhaal te fertellen. Hoe't er de oarloch oerlibbe en hoe't er as poppe by de famylje Van Vliet fan Snits ûnderdûkt is. It Snitser pear krijt woansdei postúm de Yad Vashem-ûnderskieding fan de steat Israel.

Marten en Helene van Vliet wurde no 'Rechtvaardige onder de Volkeren' neamd om't se as net-Joaden in Joads jonkje rêden ha. "Ik denk dat ze daar wel trots op zouden zijn. Aan de ene kant zouden ze zeggen, het hoeft niet, maar ik denk zelf: het is een eerbewijs waar ik eigenlijk voor gezorgd heb en dat verdienen ze", seit Fred van Vliet.

Libbensskiednis fan Fred van Vliet / Alfred Schachner

Fred wurdt berne op 9 desimber 1942 yn Amsterdam, as soan fan de Joadske âlden Salomon en Rachel Schachner. Se binne flak foar de oarloch flechte út Wenen. Yn july 1942 begjinne de Dútsers op grutte skaal mei de deportaasjes fan Joaden. Yn maaie fan 1943 wurdt de heit fan Fred oppakt troch beruchte Joadejagers. Syn mem beslút dat har soantsje Fred nei in feilich plak brocht wurde moat. "Dat moet een vreselijk moeilijk besluit geweest zijn want je geeft je baby van vijf maanden aan iemand en je weet eigenlijk dat je je kind waarschijnlijk nooit meer terug zal zien, maar door dat te doen heeft ze me wel voor de tweede keer het leven geschonken", fertelt Fred van Vliet.

Oppakt

Studenten fan it Amsterdamske ferset fine foar de lytse Fred in ûnderdûkadres yn Den Helder. Hy wurdt dêr hinne brocht troch medisinestudinte Iet van Dijk. Sy krijt woansdei ek postúm de Yad Vashem-ûnderskieding. Mar it rint mis. Fred wurdt yn Den Helder troch de plysje oppakt en nei de crèche tsjinoer de Hollandse Schouwburg yn Amsterdam brocht. De Hollandse Schouwburg wie it plak dêr't de Dútsers Joaden hinne brochten foar deportaasje nei it easten. De bern moasten nei de crèche oan de oare kant fan de strjitte. Mear as fiifhûndert bern wurde troch it ferset hjirút smokkele en nei ûnderdûkadressen brocht. En Fred siet dêrby.

Boadskiptas

"Ik ben waarschijnlijk gered en weggebracht in een boodschappentas of in een bakfiets. Ik ben naar Sneek gebracht door weer dezelfde verzetsstrijdster Iet van Dijk. Dat is heel bijzonder dat ze me twee keer het leven heeft gered door me twee keer te laten onderduiken." Fred komt yn oktober 1943 yn de famylje fan Marten en Helene van Vliet dy't ek noch in dochter fan 13 jier ha. Marten en Helene binne foar Fred syn echte âlden, syn biologyske âlden Salomon en Rachel Schachner hat hy nea kend. Dy binne op 31 jannewaris 1944 fermoarde yn Auschwitz.

Uitgescholden

Fred oerlibbet yn Snits de oarloch. Earst as hy 11 jier is, komt hy derachter dat hy Joadsk is en dat syn echte heit en mem net mear libje. "Ik werd toen op straat uitgescholden door een jongetje: je bent een rot-Jood. Ik had geen flauw idee wat dat betekende. Ik ben naar moeder Van Vliet gegaan en toen heeft ze me uitgelegd wat er met mijn echte ouders gebeurd was en dat zij mijn pleegouders waren." Yn de jierren dêrnei wrakselet Fred van Vliet mei syn Joadske ferline. Yn nachtmerjes sitte soldaten achter him oan. "Ze wilden me vermoorden en net op het moment dat ze me wilden pakken, werd ik huilend wakker. Ik durfde niet meer te gaan slappen, omdat ik bang was dat ze me alsnog zouden grijpen en dit ging door tot ik vijftig jaar was."

Ontzettend veel geluk gehad

No't hy weromsjocht op de oarlochsjierren is Fred van Vliet bliid dat hy syn ferhaal fertelle kin. "Ik heb ontzettend veel geluk gehad. Ik dank mijn leven aan mijn moeder die me weggaf, aan Iet van Dijk die me tweemaal liet onderduiken en aan mijn ouders Van Vliet die me hebben opgenomen in mijn gezin. Met gevaar voor eigen leven. Ik vraag me wel eens af of ik hetzelfde zou hebben gedaan."

(advertinsje)
(advertinsje)