FNP wol gjin 'nije nepdoarpen' yn de gemeente Ljouwert

25 sep 2019 - 17:14

De FNP wol dat der 'gjin nije nepdoarpen' komme yn de gemeente Ljouwert. Neffens FNP-steatelid Sybe Knol út Sint-Anne hawwe plattelânsgemeentes as Tytsjerksteradiel, Achtkarspelen en Waadhoeke lêst fan nije wenwiken yn Ljouwert.

Foto: www.dezuidlanden.nl

Knol die syn útspraken by de diskusje yn Provinsjale Steaten oer de ûntwerp-omjouwingsfyzje 'De romte diele'. Wat Knol oangiet, krije yn de takomst besteande doarpen en stêden de romte foar nijbou, mar komme der gjin nije 'nepdoarpen' by.

PvdA-steatelid Anne Zylstra út Ljouwert protestearre tsjin de negative benadering fan de FNP foar 'Liwwadden'; stêden en doarpen moatte har neffens de PvdA beide ûntwikkelje kinne.

Sybe Knol

Trefwurden: 
Ljouwert FNP doarpen
(advertinsje)
(advertinsje)