Histoarikus Jelma Knol oer froulike Gysbertwinner: "It waard wol wer ris tiid"

Aggie van der Meer krijt dit jier de Gysbert Japicxpriis. Nei Tiny Mulder yn 1986 is der nei goed tritich jier wer ris in froulike winner. Jelma Knol, histoarikus, hearde it nijs by de omrop. "Ik fyn it geweldich en fantastysk. En dat it in froulike winner is, is moai meinommen. It waard wol wer ris tiid."
© Omrop Fryslân
Oer it generaal is it in bekend ferskynsel dat manlju faker yn de prizen falle. "Dat is in ôfspegeling fan de maatskippij, en ja dat is treurich", fertelt Jelma Knol.
It wurk fan Aggie sprekt har oan. "Wat it sa goed makket, is dat se tema's oan de oarder stelt, lykas flechtlingeproblematyk en pedofily, se is net benaud foar kontroversjele ûnderwerpen, en dat docht se op orizjinele, knappe wize. En ek hiel poëtysk, dat sjochst net sa faak."
Wat kinne froulju sels dwaan? "De kar fan de sjuery is tafallich, dy moat ûnôfhinklik wêze en dy moatst net foar de fuotten rinne. Wat froulju sels dwaan kinne, is mear de iepenbierheid sykje, wat hurder op de tromme slaan, sis mar de manljus metoade."
Ek mear poadia om te publisearjen binne goed, neffens har, lykas dichterskollektyf Rixt bygelyks. "Mar sa't Tiny Mulder sei: it wurk is allerbelangrykst en dat fyn ik ek."
Jelma Knol