Ferwiten oan 'regintepartijen' by fersmiten referindumplan FvD

25 sep 2019 - 16:56

In grutte mearderheid fan Provinsjale Steaten fersmiet woansdei it foarstel fan Forum voor Democratie om in referindum te hâlden oer de maksimale tiphichte fan wynmûnen. Ofsjoen fan Forum voor Democratie, de Partij voor de Dieren en de PVV stimden alle partijen tsjin it referindum. PVV-steatelid Harry Graansma hie dúdlik argewaasje oer de arguminten fan de measte partijen om tsjin it foarstel te stimmen. "Hjir sit in reginteklup, dy't de leie sels yn hannen hâlde wol", sei Graansma.

Foto: Omrop Fryslân, Andries Bakker

De oare partijen koene harren net fine yn de krityk fan Graansma. "Wy hawwe in referindum-feroardering yn Fryslân, mar dat is bedoeld foar inisjativen út de befolking, net foar politike partijen", sei fraksjefoarsitter Johan Tjalsma fan it CDA. "Litte wy dit referindum mar net dwaan." De measte partijen tinke der sa oer. "Wij willen de bevolking graag bij de besluitvorming betrekken, maar dit is geen goed voorstel", sei Hetty Janssen út namme fan de Partij van de Arbeid.

Falske útwynsels

De Partij van de Dieren stimde lang om let foar it foarstel 'út prinsipe'. "Dêr hâld ik fan. Dy stipe hie ik fan mear partijen ferwachte, mar spitigernôch siet dat der net yn", seit Forum-steatelid Albert van Dyk. Op in foarstel fan Van Dyk om op de gearkomste fan Provinsjale Steaten fuortendaliks de referindum-feroardering te wizigjen, waard yn de Steaten lulk reagearre. "Jo fiere it debat hjir ûnder falske útwynsels. Dat fyn ik skande", sei D66-steatelid Romke de Jong.

Kommissaris Brok neamde it nije foarstel fan Forum op de gearkomste 'bysûnder'. "Wy kinne hjir allinnich mar prate oer it útstel dat der leit en net oer hiel wat oars. Dat past net yn de spulregels. As je de referindum-feroardering wizigje wolle, dan moatte je dat ordintlik tariede. As je dit no trochsette, krije je argewaasje en komme jo gjin stap fierder", sei de kommissaris.

Albert van Dyk besleat yn in skorsing fan de gearkomste om syn amandemint foar in oanpaste referindum-feroardering yn te lûken, sa't der op in oare dei fierder oer sprutsen wurde kin. "It siert jo dat jo dit op dizze wize oplosse", sei FNP-steatelid Corlienke de Jong.

(advertinsje)
(advertinsje)