Kick Out Zwarte Piet op rjochtsaak: "De democratie is in gevaar"

25 sep 2019 - 16:40

Op de twadde dei fan de rjochtsaak fan de saneamde 'blokkearfriezen' kamen neist de fertochten ek Jerry Afriyie en Mitchell Esajas fan Kick Out Zwarte Piet (KOZP) oan it wurd. Se makken gebrûk fan it sprekrjocht.

"Ze hebben het leven van heel veel mensen en kinderen in gevaar gebracht. Tot op de dag van vandaag heb ik er last van. Ik word getreiterd", sei Jerry Afriyie.

Minsken ha it rjocht om te demonstrearjen, dat is belangryk. "Maar het is meer onder druk komen te staan na Dokkum en op andere plekken is het moeilijker om je stem te laten horen. Dit is een beschaafd land, we horen dit samen te doen. De rechten van anderen worden ingeperkt, de democratie is in gevaar."

KOZP wurdt as organisaasje bedrige, mar ek de minsken. "Ik weet waar ik aan begon, maar niet dat ik over mijn schouder moet kijken. Wij moesten via de zijdeur binnenkomen, dat is jammer."

Se fine dat der gjin blokkade opwurpen wurde moat, mar brêgen boud wurde. "We hebben aangeboden opnieuw kennis te maken. Men heeft een verkeerd beeld van ons."

Oer de 'roetveegpiet' binne se te sprekken. "Het is een goede stap voorwaarts." Se sille net by de lanlike yntocht demonstearje, mar wol lokaal as dêr noch Swarte Piten binne, lykas yn Ljouwert.

Tongersdei is de lêste dei fan de saak. Dan komt it rekwisitoar en de strafeask, en krije de advokaten en de fertochten noch it wurd.

Foto: Omrop Fryslân

Jerry Afriyie

(advertinsje)
(advertinsje)