'Pingponghâlder' docht greep yn kas: tûzenen euro's fuort

In eardere ponghâlder fan de tafeltennisferiening yn Dokkum is woansdei feroardiele ta in wurkstraf fan 120 oeren en moat foarearst 8.000 euro werom betelje. De 32-jierrige ynwenner fan Drachten hat yn 2,5 jier tiid tûzenen euro's fan de pingpongklup stellen om syn gokferslaving te bekostigjen.
© ANP
It waard pas dúdlik doe't de funskje fan de Drachtster oernaam waard troch in nije ponghâlder. De Drachtster hat earder goed syn bêst dien om papieren te ferfalskjen en de fraude te ferbergjen.
De man út Drachten moat no yn elts gefal 8.000 euro werom betelje, al fynt de klup dat hy nochris 11.000 euro betelje moat. Dêrfoar moatte sy lykswols nei de boargerlike rjochter ta. De Drachtster hat help socht by ferslavingssoarch.