VR-bril as alternatyf foar morfine yn striid tsjin groanyske pine

25 sep 2019 - 15:42

Sikehûs MCL yn Ljouwert komt mei in alternatyf foar it brûken fan swiere medisinen by minsken mei groanyske pine. No wurde faak middels as oxycodon, fentanyl en morfine foarskreaun, mar dy kinne ferslaavjend wêze. As pasjinten dy middels lang brûke, jout dat boppedat bywurkingen en kin de pine just slimmer wurde. It sikehûs komt no mei in behanneling mei in Virtual Reality-bril, de saneamde Reducept.

Foto: ANP

Mei bylden, kleuren en muzyk moat by pasjinten mei groanyske pine in gefoel fan feiligens en positiviteit opwekt wurde. De gedachte is dat de pasjint sels leare kin om de pine te beynfloedzjen. Saakkundigen jouwe ta dat soks net fuortdaalks wurket. Wol soene nei ferrin fan tiid goeie resultaten boekt wurde.

Friezen

Louis Zantema (31) is mei-oprjochter van it Fryske 'E-health'-bedriuw mei deselde namme as de bril: Reducept. Hy hat earder sûnenspsycholooch west yn it MCL yn Ljouwert en is grutsk op it projekt: "Weinig mensen met chronische pijn begrijpen hoe pijn werkt en de manier waarop emoties langdurige fysieke pijn veroorzaken. Wanneer pijn zich in het lichaam heeft vastgezet, hebben artsen en patiënten niet meer veel keuzes voor behandeling."

Zantema hâldt it bedriuw tegearre mei Margryt Fennema (25) draaiende, sy hawwe de trial ûntwikkele. Pasjinten dy't de nije metoade fan pinebehanneling brûke wolle, kinne har melde by it MCL.

Trefwurden: 
Ljouwert MCL VR-bril Reducept
(advertinsje)
(advertinsje)