Brânwacht foarkomt dat autobrân nei hûs oerslaat yn Munnikebuorren
Oan de Grindwei yn Munnikebuorren stie woansdeitemiddei efter in wenning yn auto yn 'e brân. De brânwacht fan Skerpenseel wie gau op it plak fan de brân en koe foarkomme dat it fjoer oerslaan soe nei it reidtek fan it hûs njonken de auto.
De auto is wol folslein ferlern gien, mar der rekke net ien ferwûne. It is net bekend hoe't de brân ûntstean koe.