Gjin Aldi yn Frjentsjer nei útspraak Ried fan Steat

25 sep 2019 - 14:50

Neffens de Ried fan Steat hat de gemeente Waadhoeke terjochte wegere om in Aldi-supermerk te festigjen yn in âld bedriuwspân oan de Harlingerweg yn Frjentsjer. De Harlingerweg leit bûten it sintrum fan Frjentsjer en it belied fan de gemeente is om allinnich supermerken ta te litten yn it sintrum of der krekt bûten. Dit is om leechstân yn it sintrum foar te kommen.

Foto: ANP

Neffens Aldi leit it beëage pân op mar sân minuten rinne fan it sintrum. Boppedat is der yn it sintrum gjin gaadlike lokaasje foar in supermerk. Dêrneist hat Aldi opbrocht dat der al twa supermerken binne bûten it sintrum en dat it dan frjemd is dat Aldi gjin tastimming krijt.

Utspraak Ried fan Steat

De Ried fan Steat is lykwols fan miening dat de gemeente terjochte gjin tastimming jûn hat foar de komst fan de winkel. Dat der al twa supermerken bûten it sintrum binne, hat neat mei dizze saak te krijen: dêr wienen al earder ôfspraken oer makke.

Boppedat sjocht de Ried fan Steat gjin reden om it belied fan de gemeente los te litten, ek al soe der gjin goede lokaasje wêze yn it sintrum.

(advertinsje)
(advertinsje)