Mar leafst 43.800 minsken fiere har jierdei op 25 septimber

25 sep 2019 - 14:08

It is dizze 25 septimber en dat is no krekt de datum dat de measte minsken yn Nederlân har jierdei hawwe. Mar leafst 43.800 minsken ite taart en krije kado's.

Apeltaart - Foto: Shutterstock.com

Omropkollega Douwe Boersma fiert ek syn jierdei op dizze dei. Hy is 40 jier wurden. "Ik bin yn de sniewinter fan 1979 ferwekt. Dat wie net hielendal de bedoeling leau ik, ik ha al in broer en suster, mar ús heit en mem wienen der wol bliid mei."

De twadde 'drokste' jierdeidatum is 10 april. "Dan is ús heit jierdei." Wrâldwiid hawwe de measte minsken op 16 septimber har jierdei. Ek dy datum is net ûnbekend by de famylje Boersma. "Dan is myn jongste soan jierdei. We binne dus net hiel orizjineel", laket er.

Oare sifers

Yn de hiele moanne septimber is it heechst mei 42.300 deis. Yn desimber is it oantal it leechst mei 38.700 op in dei.

Op 29 febrewaris hawwe 9.800 minsken har jierdei. Op 5 desimber is dat 36.600, op 25 en 26 desimber is dat 35.000 en 33.000 en op 1 en 2 jannewaris is dat 32.000 en 36.000.

Bertepatroanen feroarje wol yn de rin fan de tiid. Fan de fyftigers lei de bertedei faker yn de maitid, fan de jongsten wie dat yn de simmer mei in top yn septimber.

Trefwurden: 
CBS jierdei 25 septimber
(Advertinsje)
(Advertinsje)