Sân Fryske soarchbedriuwen hawwe in opfallend hege winstmarzje

25 sep 2019 - 13:29

Seker sân Fryske soarchynstellingen hawwe yn 2018 opfallende hege winsten helle. Winsten dy't in stik heger lizze as yn de rest fan de sektor. Dat docht bliken út in jierrekkenûndersyk fan datasjoernalistyk patfoarm Pointer yn gearwurking mei Reporter Radio en Follow the Money.

Âldereinsoarch - Foto: Shutterstock.com

Lanlik sjoen binne der 85 soarchoanbieders dy't in flinke winst helle hawwe. Yn Fryslân giet it om Bijzonder Zorgenkind út Surhústerfean, Bos en Meerzicht Verzorgd Wonen út Aldemardum, Thuiszorg Slippens út Snits, Nocht en Wille yn Mitselwier, Synaeda Psychomedisch Centrum yn Ljouwert, Zorgbureau de Stellingwerven yn Noardwâlde en 't Zuider Stee út Drachten.

De bedriuwen hawwe twa jier op rige winstpersintaazjes fan tsien oant wol 50 prosint behelle, wylst trije prosint gewoan is, skriuwt de NOS. Yn de groep fan 85 bedriuwen is der neffens Pointer sprake fan frauduleuze bedriuwsfiering. Bedriuwen deklarearje bygelyks soarch dy't se net levere hawwe. It is net dúdlik oft dit ek by de Fryske bedriuwen bart.

It tal bedriuwen mei opfallende winsten leit mooglik noch heger, om't in part fan de soarchbedriuwen de jierrekken noch net opjûn hat.

Reaksje minister

Minister Hugo de Jonge fan Folkssûnens neamt de winsten absurd: "De tarieven laten de ruimte helemaal niet dat je én goede zorg kunt leveren én zoveel kunt overhouden", seit er. "Als je dat soort signalen ziet, en zeker meerdere jaren op rij, dan is er waarschijnlijk wat aan de hand. Geld voor de zorg is bedoeld voor zorg en moet alleen aan de zorg worden besteed. Zorg is dienen en niet verdienen."

(advertinsje)
(advertinsje)