Tsientallen slangen deariden yn it Fochtelerfean, Natuermonuminten wol oplossing

25 sep 2019 - 12:50

De ôfrûne dagen binne mear as tritich slangen deariden op de dyk troch it Fochtelerfean. Natuermonuminten lûkt dêr woansdei oer oan de belle. It giet om tsientallen njirren (adders), ringslangen en glêde slangen dy't kânsleas binne tsjin it ferkear op de dyk.

Foto: Natuermonuminten

De dyk, dy't dwers troch it Fochtelerfean giet, is al langer in grutte soarch ûnder natuerorganisaasjes. Net allinne slangen, mar ek kraanfûgels en oare bisten binne gauris slachtoffer fan it ferkear op de dyk.

"Het is de nachtmerrie van elke boswachter. Dat een beschermd dier zo plat als een dubbeltje op het asfalt ligt, daar word je niet vrolijk van", seit boskwachter Marjan Dunning. "We hebben de leefgebieden heringericht met vernatting, links en rechts van de weg zijn mooie leefgebieden ontstaan en de beesten migreren daartussen. Ze houden van warmte, die zoeken ze op op de weg."

Der moat in strukturele oplossing komme foar de dyk. Der wurdt al jierren praat mei de gemeente Eaststellingwerf, de behearder fan de dyk, mar in passende oplossing is der lykwols noch net. Dêr komt noch by, seit boskwachter Marjan Dunning, dat it hieltyd drokker wurdt op de dyk.

Oant no ta binne dit jier al 160 slangen deariden. "We zijn in gesprek met de gemeente die is eigenaar van de weg." It leafst soe se de dyk foar autoferkear ôfslute wolle, mar dat seit se net lûdop.

Boskwachter Marjan Dunning

(Advertinsje)
(Advertinsje)