Gysbert-winner Aggie van der Meer: "Ik bin der hiel bliid mei"

25 sep 2019 - 12:42

"Ik wie wol ferrast, net dat ik tocht dat ik gjin kâns hie, mar moatst it oerlitte", seit Aggie van der Meer, de winner fan de Gysbert Japicxpriis. "Ik bin der hiel bliid mei. Foaral ek om't ik as echte Boalserter de priis krij, Gysbert Japicx wenne hjir ommers ek, en dat de priis foar in frou is, dat fyn ik ek moai."

Moarns betiid stie deputearre Sietske Poepjes by har foar de doar. "Ik herkende frou Poepjes fuort, doe tocht ik dy komt net samar del. En doe kaam de media der achteroan mei al dy apparatuer."

Sels stiet se net stil by har leeftiid, se is 92 jier. "Ik wit hoe âld ik bin, mar stean der net by stil. As ik mar de tiid ha om de krante te lêzen en te skriuwen."

Se fynt de priis in erkenning. "In oar hie ek kinnen, it is mar krekt wat de sjuery belangryk fynt." De priis is foar har hiele oeuvre, dat is wol earder dien by eardere winners, lykas by Durk van der Ploeg yn 2011.

It krijen fan de belangrykste literêre priis betsjut net dat se klear is mei skriuwen. "As ik achteroer hingje, dan bin ik ferlern. Ik doch it om't ik it moai fyn om te dwaan."

Aggie Van der Meer

Foto: Omrop Fryslân

"Aggie van der Meer hat in soad ferskaat wurk skreaun, apart wurk. Se hat in iepen blik dêr't se mei nei de rest fan de wrâld sjocht," ljochtet deputearre Sietske Poepjes ta.

"En dat it in frou is, is moai en se is net-Frysktalich fan hûs út. It Frysk hat se har eigen makke." Neffens har hat leeftiid net meispile yn de kar. "It giet om kwaliteit. It is moai dat se yn dizze faze fan har libben sa'n priis krije mei."

Sietske Poepjes

(advertinsje)
(advertinsje)