Ynwenners stimme oer grinskorreksje gemeentes Waadhoeke en Ljouwert

25 sep 2019 - 12:30

Minsken dy't yn Boksum, Blessum, Deinum, Marsum en Ritsumasyl wenje, kinne fia in poll op ynternet kieze oft se by de gemeente Waadhoeke of gemeente Ljouwert hearre wolle. Op it stuit falle de plakken ûnder de gemeente Waadhoeke. Doe't de doarpen weryndield waarden, krigen se de tasizzing fan de doetiidske gemeente Menameradiel dat de ynwenners harren útsprekke koene oer by hokker gemeente se hearre woene. Mei dizze poll is dy tasizzing neikaam.

Stimme - Foto: Shutterstock.com

It is lykwols net sa dat in kar foar de gemeente Ljouwert automatysk liede sil ta in oansluting by dy gemeente. As in mearderheid foar oansluting by de gemeente Ljouwert is, dan moat der in útwurke foarstel komme. Dat foarstel moat dan noch troch de ried fan beide gemeenten. De útkomsten fan de polls binne dus net binend.

Ferskillende útkomsten

Minsken dy't yn de oangeande doarpen wenje, kinne oant 6 oktober stimme op de gemeente fan harren foarkar. It is fansels mooglik dat it iene doarp by de gemeente Waadhoeke bliuwe wol, wylst de oare oanslute wol by Ljouwert. Dat is gjin probleem. It soe dus bygelyks bêst wêze kinne dat trije doarpen nei Ljouwert gean en twa doarpen by de gemeente Waadhoeke bliuwe.

(advertinsje)
(advertinsje)