Fjouwer op de tsien treinen nei Harns sûnder húske

25 sep 2019 - 11:53

Sa'n 40 persint alle treinritten tusken Ljouwert en Harns wurde foarearst útfierd troch Arrivatreinen sûnder húske. It is 'praktysk' net mooglik om de trein-sûnder-húske te ferfangen troch in trein mei húske. Deputearre Avine Fokkens sei dat woansdei yn Provinsjale Steaten yn har antwurd op krityske fragen fan de ChristenUnie yn Fryslân.

Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

De ChristenUnie hat geregeld klachten krigen fan reizgers oer de treinen sûnder húske. "In trein sûnder húske kin net", sei steatelid De Vries. "Foar guon minsken is it sels reden om net mear mei de trein te gean. As je iepenbier ferfier befoarderje wolle, is dit gjin goeie saak."

Deputearre Fokkens sei dat se it probleem 'begrypt', mar sei der by dat ferfierder Arriva te krijen hat mei 'overmacht'. Nei twa ûngelokken binne der minder treinen mei húske beskikber. De kar komt dan del op minder treinen, koartere treinen of dan mar by need in trein sûnder húske.

"Arriva heeft stad en land afgezocht of een extra trein met wc, maar die niet kunnen vinden." Ferskate steateleden trunen der by de deputearre op oan dat reizgers yn alle gefallen goed ynformearre wurde oer de treinen sûnder húske, mar neffens de deputearre bart dat al.

Trefwurden: 
Harns trein Arriva ChristenUnie
(advertinsje)
(advertinsje)