Wat te dwaan as je lêst hawwe fan in stienmurd? Tips fan in deskundige

Se sjogge der op in foto sa skattich út, mar se binne foar in soad minsken in wiere pleach: de stienmurd. It bist komt hieltyd faker foar yn Fryslân, en soarget ek gauris foar problemen. Fan in flinke stjonklucht oant trochknage kabels. It kin in wier pineholledossier wurde, benammen om't er beskerme is, en dus net bejage of fongen wurde mei. Mar wat dogge je dan? Age de Jong fan Lomega Ongediertebestrijding hat wol in tal tips.
© Alterra
Om earst mar ris in ûnderbúkgefoel de wrâld út te helpen: dat je it bist net deameitsje meie, betsjut net dat de bêste bestriding no fan tafel is. "It alpha mantsje of froutsje wennet op in alpha plakje", fertelt De Jong. "En sa gau as der ien fan de murden deariden wurdt, dan wurdt it plakje yn trije wike tiid oernaam troch in konkurrint dy't it plakje ek hawwe wol."
Mar wat kinne wy dan wol dwaan as we lêst hawwe fan de bisten? Want it probleem is op dit stuit tige grut yn de provinsje. "Se sitte eins oeral, en wy hawwe alle wiken wol in wenning of bedriuw dêr't se sitte."

Nei de buorlju

Tip ien is om benammen alle gatten en kieren hiel goed ticht te meitsjen, om der sa foar te soargjen dat de bisten net mear binnen komme kinne. "By gebouwen moatst eins it gat opsykje dêr't er troch nei binnen ta komt." Dit gat moat dan goed tichtmakke wurde, it leafst om tolve oere nachts. "Hy is alle nachten bûten, en ast it gat dan goed tichtmakkest dan bist him kwyt. Hy hat simmerdeis sa'n 30 sliepplakken en yn de winter twa as trije, dus dan sil er nei de buorlju ferhûzje."
Mar hoe kinne je der wis fan wêze dat je in stienmurd ûnder de pannen hawwe? "Lawaai", is it simpele antwurd fan De Jong. Tink benammen oerdei om nuvere lûden yn hûs. "De stienmurd ferfeelt him oerdeis, dan binne se oan it boartsjen, en drave hinne en wer." In oare oanwizing is de skytlokaasje fan de bisten, want in stienmurd skyt altyd op itselde plak. "Ik haw wol meimakke, dan rint de jarre by de muorre del."

Stienmurd yn de auto

In stienmurd yn de auto is in bekend probleem, mar neffens De Jong in ferhaal apart. Oer it algemien kin in stienmurd alle auto's wol yn komme, yn de hele buert, en dat is neffens De Jong ek net sa'n probleem.
It probleem begjint pas as je in nacht fuort binne mei de auto, bygelyks nei in hotel of in sikehûs. "Dan komt de stienmurd fan dêr yn de auto en rûkt er in konkurrint. Dy begjint geurspoaren efter te litten, wat wer in trigger is foar de 'eigen' stienmurd. Dan begjint de stienmurd te knagen: it is nijd om't der in oare stienmurd yn syn gebiet sit."

Hûnehier of wc-blokjes

De Jong leaut net sa bot yn hús-tún en keukenmiddels lykas hûnehier of wc-blokjes om de murd út de auto te hâlden. It bêste is neffens him om in lyts apparaatsje oan te skaffen dat hele hege lûdstoanen makket. Dit is net te hearren foar minsken, mar wol foar de murd, en dy sil dan ek fuortbliuwe, sa seit De Jong ta.