Brok by ôfskied Sikkes: "Wa't fan Fryslân nei de Rânestêd ferhuzet, komt yn 7 jier wer werom"

25 sep 2019 - 10:59

Kommissaris fan de Kening Arno Brok spruts woansdei krityske wurden by it ôfskied fan fraksjefoarsitter Matthijs Sikkes-van den Berg fan Grien Links. Brok moast doe't er ynformearre waard oer it fuortgean fan Sikkes tinke oan de advertinsje fan in útstjoerburo: "It wiene fiif fantastyske moannen."

Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena

Sikkes is wethâlder wurden yn Diemen by Amsterdam en komt dêr oarspronklik ek wei. Brok sjocht ek op fan it beslút om 'it moaie Sint-Nyk' te ferruiljen foar 'de Rânestêd'. "Nim fan my oan: Wa't út Fryslân nei de Rânestêd ferhuzet, komt binnen sân jier wer werom."

Brok ferwiist dêrmei nei syn eigen situaasje. Hy waard út Snits boargemaster fan Dordrecht om nei sân jier wer werom te kommen yn it heitelân as kommissaris fan de Kening.

Jo sille in soad misse

Brok fynt it fuortgean fan Sikkes ek spitich fanwege de 'grutte politike ambysjes' fan de man. De provinsje giet de kommende jierren oan de slach mei ferskate saken dy't Sikkes graach wol. "Jo sille de kommende jierren in soad misse yn Fryslân."

De kommissaris winske Sikkes alle goeds yn syn nije funksje en kundige ek oan dat er in gau in kear oanstekke sil op it gemeentehûs fan Diemen as er foar syn wurk ûnderweis is nei Den Haag.

Jochem Knol (rjochts) - Foto: Provinsje Fryslân

Opfolger

Jochem Knol (1958) fan Beetstersweach is beëdige as lid fan Provinsjale Steaten foar GrienLinks. Hy komt yn it plak fan Matthijs Sikkes-van den Berg. Knol is yn it deistich libben projektmanager by in grut advysburo. Hy wie acht jier bestjoersfoarsitter fan de ôfdieling Fryslân fan GrienLinks. Yn de Steaten sil hy him benammen dwaande hâlde mei de ûnderwerpen boaiem, natuer en lânbou.

(advertinsje)
(advertinsje)