Nij laboratoarium op Teksel makket Waadûndersyk effisjinter en rapper

25 sep 2019 - 10:44

Wittenskiplik ûndersyk nei de Waadseeboaiem kin tenei in stik flugger dien wurde. Alle jierren wurde der sa'n 6.000 meunsters naam fan Waadseeboaiem. It ûndersyk hjirnei duorre altyd lang, mar kin no rapper troch in folslein fernijd laboratoarium op Teksel.

Undersikers wolle graach witte hokfoar libben der yn de Waadboaiem sit en hoefolle enerzjy dat libben opsmyt. Dit is wichtich foar bygelyks fûgels, om't dy har iten en dus har enerzjy op de Waad fine moatte.

Ek binne ûndersikers dwaande mei de fraach hoe grof of fyn it slyk en sân op de boaiem is. Der rinne op dit stuit twa grutte projekten omtrint dizze tema's, dy't fan grut belang binne foar de takomst en it behear fan it gebiet.

Undersyk yn it nije laboratorium - Foto: NIOZ, Stefan Krofft

Gas en sâlt

Ien fan de ûndersiken dêr't op dit stuit oan wurke wurdt hat te krijen mei gaswinning ûnder it Waad. Der wurdt sjoen nei drûchfallende platen, en yn hoefier't gas- of sâltwinning it makliker of dreger foar fûgels makket om fretten te finen. Dit kin konsekwinsjes hawwe foar de fergunning fan bygelyks de NAM, of foar de sâltwinning ûnder it Waad. By it twadde projekt wurdt der benammen ûnder wetter sjoen.

It nije laboratoarium op Teksel helpt dizze ûndersiken, trochdat it wurk no effisjinter en yn in gruttere kapasiteit dien wurde kin. En dat is goed nijs foar it Waad, om't de resultaten dan flugger beskikber binne.

(advertinsje)
(advertinsje)