Lanlike kraanwetterdei: mear wetter drinke op skoalle

25 sep 2019 - 10:36

Goed 100.000 learlingen yn Nederlân dogge mei oan dizze Kraanwetterdei, want skoallen wolle dat learlingen mear kraanwetter drinke. Ek de Scholtensskoalle yn Wolvegea docht mei. Dêr steane de wetterflessen klear op it oanrjocht om folle te wurden.

Op dizze dei krije de bern les oer hoe sûn en duorsum oft kraanwetter is. Ut ûndersyk docht bliken dat goed 67 prosint fan de bern op de basisskoallen swiet drinken meikrijt nei skoalle. Hieltyd mear skoallen stimulearje de learlingen om kraanwetter te drinken.

De skoalle yn Wolvegea hat as belied dat se in sûne skoalle binne. "Dat betekent dat we ouders stimuleren om gezond eten en drinken mee te nemen, zoals fruit, melk of thee", fertelt juf Johanna. "Het is bij ons al gewoon dat kinderen water drinken bij ons op school."

Foto: Omrop Fryslân, Johanna Brinkman

Mijn kind lust geen water

Foar âlden is it soms wat wennen. "Ze zeggen: mijn kind lust geen water, maar dan gaan we het toch proberen, eerst maar met een paar slokjes."

Skoallen kinne sûnt koart subsydzje oanfreegje foar in wettertaappunt op it skoalplein. "We zijn bezig met een watertappunt op het plein, we hebben de bron al laten slaan al, nu de waterpomp nog."

Foto: Omrop Fryslân, Johanna Brinkman

Johanna Brinkman is op de skoalle yn Wolvegea

(advertinsje)
(advertinsje)