MCL is foar de Friezen it meast favorite sikehûs

25 sep 2019 - 10:02

It MCL yn Ljouwert is foar de Friezen it meast favorite sikehûs. Dat docht bliken út it Ziekenhuizen Merkenonderzoek, dat al tsien jier de reputaasje fan alle sikehuzen yn 'e gaten hâldt.

Sikehûs MCL yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Ynwenners fan ús provinsje fine it Ljouwerter sikehûs it meast sympatyk en deeglik, mei bysûnder freonlik personiel. Twa jier lyn wie it Grinzer UMCG noch favoryt by de Friezen, mar dy is no ynhelle troch it MCL. Op it mêd fan de saakkundichheid fan de doktoaren skoare beide sikehuzen wol like heech.

Oare sikehuzen

Nij Smellinghe yn Drachten stiet al tsien jier op plak trije fan favorite sikehuzen fan de Friezen, folge troch de Tjongerskâns op It Hearrenfean en sikehûs Antonius yn Snits.

Trefwurden: 
Ljouwert sikehûs MCL
(advertinsje)
(advertinsje)