LIVEBLOG: Dei 2 fan heger berop tsjin A7 blokkearders

25 sep 2019 - 14:30

Fyftjin fan de 34 saneamde 'blokkearfriezen' stean fan tiisdei ôf yn heger berop terjochte foar de blokkade fan de A7 by Aldehaske yn novimber 2017. De Friezen krigen ferline jier fan de rjochtbank yn Ljouwert taakstraffen oplein tusken de 80 en 240 oeren. Ferslachjouwer Auke Zeldenrust docht live út it gerjochtsgebou wei ferslach fan de saak.

16:36
Tank foar it folgjen

Hjirby slute we it liveblog ôf.

Tongersdei is de lêste dei fan de saak. Dan komt it rekwisitoar en de strafeask, en krije de advokaten en de fertochten noch it wurd.

15:26
Moarn fierder

De saak is foar hjoed foarby, Moarn fierder mei strafeask fan it Iepenbier Ministearje.

15:07
Kursus

Affryie en Esajas freegje de rjochters om de blokkearfriezen om swierder te straffen. Boppedat easkje se dat de Friezen in workshop folgje by de stifting Nederland wordt beter. Dy kursus giet oer de skiednis fan Swarte Pyt.

15:00
Foto: Omrop Fryslân
14:35
Sinjaal

Jerry Affryie: "De blokkeerfriezen hebben met de blokkade onze mond gesnoerd en dat is een misdrijf. Ze hebben het leven van heel veel mensen en kinderen in gevaar gebracht. Tot op de dag van vandaag heb ik er last van. Ik word getreiterd. De verdachten moeten voelen dat ze ons pijn hebben gedaan. Op 18 november 2017 vierden de blokkeerfriezen een overwinning met hun Friese vlag. Ik hoop dat uw uitspraak een signaal afgeeft aan een ieder die voor eigen rechter wil spelen."

14:33
Roetveegpieten

Esajas: "De nationale intocht is met roetveegpieten en dat is een stap vooruit. We gaan daar dus niet demonstreren maar wel in plekken waar ze vasthouden aan de traditie van Zwarte Piet."

14:26
"Pijnlijke tijd"

Esajas: "De blokkeerfriezen zeggen dat ze het hebben gedaan voor de kinderen. Maar voor heel veel donkere kinderen is de Sinterklaastijd een pijnlijke periode. Ze hebben op straat te maken met beledigende en discriminerende opmerkingen."

14:21
"Gecriminaliseerd en gedemoniseerd"

Neffens Esajas binne leden fan KZOP 'gecriminaliseerd en gedemoniseerd'. Esajas stelt dat "het demonstratierecht onder druk komt te staan. De straf die vorig jaar is uitgesproken heeft niet preventief gewerkt. Ik roep de rechter op de grondrechten te beschermen. Bovendien heeft het me persoonlijk erg geraakt wat er op de A7 is gebeurd. Ik voel me niet meer veilig om in Leeuwarden rond te lopen."

14:15
"Dictatuur"

Esajas: "Jenny Douwes' idee van democratie is een dictatuur van de meerderheid, Douwes en de blokkeerfriezen profileren zich als helden. Jenny Douwes jokt. Ze was wel degelijk betrokken bij de organisatie van dit misdrijf. Ze heeft ons in gevaar bracht en ons recht om te demonstreren afgepakt."

14:08
"Gevaar voor democratie"

It begjint wer. Jerry Affryie en Mitchell Esajas fan Kick Out Zwarte Piet (KOZP) meitsje gebrûk fan it sprekrjocht. Esajas: "Ik ben hier vooral omdat gedrag van de blokkeerfriezen een gevaar vormt voor de democratie."

(advertinsje)
(advertinsje)