Kollum: "Tsjinstellings"

25 sep 2019 - 08:39

"Ferline wike tongersdei liet in man syn hûn út by de Roptawei yn Mitselwier. Man en hûn snúfden. 'Wat rûkt it hjir frjemd.' En dat wie al sa foardat de hûn skiten hie. Doe rûnen se wer nei hûs. It wie in foarsichtige man. Hy warskôge plysje, brânwacht, boargemaster, Veiligheidsregio, terroristebestriding en minister Grapperhaus. Miskien noch wol mear, we witte it net.

Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Eelke Lok

Us befeiligers rukten út. Se stiene allegearre tusken de Roptawei en it Skipfeartsein te snuven. Ja, it rûkte oars as oars. Doe skillen se dy man fan dy hûn op. En se seine: We witte net wat it is dat sa rûkt, mar it is net gefaarlik. Jo en jo hûn kin jimme wol deljaan.

Sa libje wy.

Gemeenten yn Fryslân wolle mear omtinken foar bern hawwe by demonstraasjes. Se doele fansels op dat swartepitegedoch, dêr meie de bern net fan oer it hynder gean. Mar witte jimme dat yn de rest fan de wrâld it krekt de bern binne dy't demonstraasjes fersoargje tsjin wat wy har oandogge. Tsjinstelling.

Trije gemeenten wolle de tsjinstplicht wer ynfiere. Jongeren dy't gjin wurk hawwe moatte frijwillich âlden waskje. Moatte en frijwillich is in tsjinstelling.

De gemeente Waadhoeke moat it tenei dwaan sûnder de pilot omjouwingswet. Tsja, no moat ik earst wat útlizze. We krije in nije Omjouwingswet. Dêrfoar moatte wy earst in fyzje hawwe. Dy hjit en dat is wer maklik, de omjouwingsfyzje. Dêroer mochten wy jûnen oer meiprate. Dat hawwe wy hjir en dêr ek wol dien, mar dat wie mear om earne in fûgelútsjochhutte te krijen. Elk koe meihaffelje, mar elk wie net sa folle. Der is no likegoed in soarte fan omjouwingsfyzje klear, mar dêr stiet tefolle yn en no moat der skrast wurde. Dat kinne de politisy sels wol.

It doel fan dy omjouwingswet is om tenei fan alles klear te krijen mei minder regels, en mear gearhing yn belied. Dêr hawwe guon gemeenten no in pilot fan. In pilot is dat je wat probearje. De Commerciële Club Noardwest-Fryslân hat lykwols skreaun dat se net meiwurkje oan dy pilot om't alles yn de Waadhoeke te sjerperich giet. Sy skreaune 'stroperig'. Boargemaster Waanders stie te skriemen by de iepening fan de Agraryske Dagen. Se hat gelyk. Dy ûndernimmers fine dat der wat net goed giet, mar as ien dat ferbetterje wol, dan stean se oan de bar en frette sjerpwafels.

Noch wat: De gemeente Smellingerlân wol European City of Sport wurde. Boargemaster Rijpstra hat it yn syn foarige gemeente Noordwijk meimakke en hy wol it wol wer. No hat Smellingerlân, sis mar 'city Drachten', in swimbadsje. Se prate al tsien jier oer opknappe of in nij bad. Der bart lykwols neat mei it bad. Smellingerlân hat gjin jild mear. Boppedat is der mar ien sportplak yn it Fryske Europa, en dat is It Hearrenfean. En dêr hiene se noch nea fan de titel European City of Sports heard.

Noch ien: Fryslân Airport Eelde. Dat setten se grut op it Grinzer fleanfjild. Want in kwak Friezen gie earne hinne en doe woene de Grinzers oanjaan dat dy dat jild better besteegje kinnen hiene troch se oan Eelde te jaan. Se wolle dat Friezen tinke en fiele dat it ek har fleanfjildsje is en dat kinne je inkeld mar bewize mei it Grinzer kredo: meibetelje.

Dreamers. Al moat ik no wol foarsichtich wêze fansels. Hjir wiene altyd in soad aksjegroepen tsjin it fleanfjild fan Lelystêd. Al de fleantugen boppe ús lân, ús omjouwing. Dy binne der fan Eelde ek, mar dêr prate we net oer, dy Grinzers hawwe it al sa slim mei it gas, dus lit mar. Mar Johannes Kramer, ús deputearre, sei ferline wike ynienen dat it wol hiel sneu wêze soe dat de stikstof der ûnder oaren foar soargje soe dat it fleanfjild fan Lelystêd net trochgean koe. Hearde ik dat goed? Ja, dat sei er.

Mar ik snap it al. As dat fleanfjild der komt, komt der ek in trein nei Grins. Fia Eelde. Jehannes syn Lelylijn. Dan kin dy minsken dy't yn Lelystêd út it fleantúch stappe miskien ek noch efkes fanút Eelde boppe Fryslân fleane.

En ach, as je net witte wat in fleanfjild is, hoege je der ek net benaud foar te wêzen."

Trefwurden: 
De Toan fan Eelke Lok
(advertinsje)
(advertinsje)