Yn de takomst sjen mei Age-readers fan it MCL

Apparaten dy't foarsizze kinne oft immen siik wurde sil of net. It klinkt miskien as science-fiction, mar dat is it al lang net mear. Ien fan dizze apparaten, de saneamde Age-Reader, stie tiisdeitejûn sintraal yn in spesjale gearkomste yn sikehûs MCL yn Ljouwert.
© Omrop Fryslân, Willem de Vries
De 'Age-Reader' luts in soad publyk nei it Ljouwerter sikehûs. Foar in grôtfolle seal lei dokter Helen Lutgers út wat it apparaat krekt docht en wat foar ynfloed 'Age's' op de sûnens fan minsken hat. Mei de reader kin nammentlik foarsein wurde oft minsken diabetes type 2 krije as bygelyks hert en iersyktes.
Offisjeel stiet Age foar : Advanced Glycation Endproducts oftewol Age's.
By in ûndersyk wurdt de earm yn in heale slúf lein en mei ljocht wurdt der metten wat de skoare is. It prinsipe waard yn 1996 yn Grins al ûntdutsen, mar it koste jierren om in apparaat te ûntwikkeljen dat ek wittenskiplik erkend wurdt.
© Omrop Fryslân, Willem de Vries
Harkje nei in reportaazje oer it apparaat
Benammen de data fan it "Lifelines" projekt hat holpen by de kreaasje fan it apparaat. Lifelines is in grutskalich ûndersykprogramma yn it Noarden mei as doel better te begripen hoe't minsken sûner âld wurde kinne. De Age-reader is in moai foarbyld fan de takomst fan de sûnenssoarch wêrby't der hieltyd better foarsein wurde kin wat minsken te wachtsjen stiet.
Guon minsken wolle leaver net al te folle witte fan de takomst, mar by de gearkomste yn it MCL wie dat tiisdei net it gefal. Yn de pauze wiene der in protte oanwêzigen dy't harren "AGE" skoare graach witte woene.