Rotterdam as ynspiraasje foar Fryske skriuwers

25 sep 2019 - 07:45

Trije Fryske skriuwers hawwe in pear wiken trochbrocht yn Rotterdam as ynspiraasje foar in koart ferhaal. Ien fan harren is Wessel de Vries, ûnder oaren aktyf as skriuwer foar Tryater. It is in projekt fan it festival Explore the North. "Rotterdam is sa kleurryk kwa kultueren, hiel oars as Fryslân."

Foto: ANP

De skriuwers brochten elk twa wiken troch yn de Almondestrjitte mei âlde huzen dy't sloopt wurde. Se waarden keppele oan buertbewenners, dy't in ynspiraasjeboarne foarmje moatte foar harren ferhaal. "Ik bin keppele oan Brigitte Doest, in Surinaamske frou dy't mear as 20 jier yn dizze strjitte wenne hat."

Op tiisdeitejûn wie de ôfsluting fan de residinsje, kommende tiid sil Wessel syn ferhaal skriuwe. "It tema sil it thús fielen wêze, tink ik. Doe't ik der noch mar krekt wie woe ik eins wol wer wei, want it wie net myn thús. It is in hiele opjefte om je earne thús te fielen. Wat makket it datst dy earne thús fielst?"

"Rotterdam is de thús fan in soad ferskate kultueren, dat seach ik ek yn de strjitte dêr't ik ferbleau, flakby it sintrum fan Rotterdam. Der wiene allegearre winkels en iten út ferskate kultueren, hiel kleurryk. Hiel oars as it sintrum fan Amsterdam of Fryslân."

Grinzen ferlizze

Wessel fynt it fan grut belang dat Fryske keunstners projekten dogge bûten Fryslân. "Fryslân moat net yn harsels keare. It past hiel bot by dizze tiid, om de dialooch mei bûten oan te gean, it is in ferriking."

It ferhaal, dat ûngefear 1000 wurden lang wurdt, wurdt yn it festival Explore the North yn novimber foardroegen troch de bewenster dêr't Wessel oan keppele is.

Skriuwer Wessel de Vries oer it projekt

(advertinsje)
(advertinsje)