Auto bedarret midden yn de nacht yn de sleat by Wolvegea

25 sep 2019 - 07:32

In automobilist is yn de nacht fan tiisdei op woansdei oan de Schuttevaerstrjitte yn Wolvegea yn in sleat telâne kaam. It is net dúdlik hoe't it ûngelok barre koe.

Foto: ProNews

De minsken dy't yn de auto sieten, koene troch de plysje derút holpen wurde. Hjirby wie ek in lyts berntsje. De brânwacht hoegde net mear te kommen, mar der is wol in ambulânse oproppen om de slachtoffers nei te sjen. It is net dúdlik oft der immen ferwûne rekke is by it ûngelok.

Trefwurden: 
ûngelok Wolvegea
(advertinsje)
(advertinsje)