Fryske ûndernimmer organisearret grutte CO2-top

Fryske ûndernimmer Gerard Scheper fan European Solar fan It Hearrenfean organisearret in grut evenemint yn Italië. It giet om it Renewable Energy Summit 2019 (RES2019): in ynternasjonale top omtrint grutskalige reduksje fan CO2-útstjit. Woansdei is de lêste dei fan it evenemint yn Rome en Poggiovalle. It evenemint wurdt offisjeel besletten op de residinsje fan de Nederlânske Ambassadeur yn Rome.
Griene enerzy © Shutterstock.com
It maatskiplike doel fan it evenemint is om de CO2-útstjit werom te bringen. Bedriuwen dy't hjiroan meiwurkje, sjogge hoe't se skjinner wurkje en produsearje kinne. Troch de wichtichste partijen, lykas ynvestearders, ûntwikkelders, distributeurs, fabrikanten en beliedsbepalers út de hiele wrâld by elkoar te bringen, wurde ferbiningen lein om it doel te berikken: grutskalige reduksje fan CO2-útstjit.
Dat de Feanster ûndernimmer krekt Italië útkeazen hat foar it evenemint is net tafallich: "Italië is eins al tsien jier fierder as ús lân", fertelt Scheper. "Se wiene hjir eins ien fan de earsten, tegearre mei Dútslân dy't op it mêd fan duorsemens folle serieuzer wiene."
Ien fan de gasten op it evenemint is âld PvdA-lieder Diederik Samsom. Samsom moat de Nederlânske kommissaris Frans Timmermans helpe by it útfieren fan it nije klimaatbelied. Yn hûndert dagen tiid moat der in saneamde 'Green Deal' op tafel lizze. Fierder binne der dielnimmers en partners út België, Lúksemboarch, Dútslân, Switserlân, Tsjechië en fansels út Italië.
© Omrop Fryslân, Bauke Deelstra
De fraach dy't sintraal stiet, is: hoe ferminderje we grutskalich de CO2-útstjit fan bedriuwen? Mar trije presint fan it nasjonale elektrisiteitsferbrûk komt fan sinne- en wynenerzjy. Dit feroaret yn de kommende jierren. Sa is yn 2030 sa'n 70 presint fan alle elektrisiteit yn Nederlân ôfkomstich fan duorsume enerzjyboarnen, sa is ôfpraat yn it Klimaatakkoart.
Om sa'n grutte CO2-reduksje te realisearjen is in yngripende enerzjytransysje needsaaklik. Yn 2030 moat de CO2-emisje de helte wêze fan wat it no is en yn 2050 moat dizze sels nul wêze. Scheper hat wol in idee hoe't dat it bêste te realisearjen is: "De oplossingen moatte jild opsmite, want dan bart der wat mei", sa tinkt er. "Want as it gjin jild opsmyt dan bart it foar 99% seker net. De minsken dy't hjirre sitte binne ûndernimmers en wy komme mei saken dy't jild opsmite, dêrnei kinne we nei Brussel."