Harkemase Boys treft FC Grins yn earste ronde om KNVB-beker

24 sep 2019 - 22:17

De fuotballers fan Harkemase Boys hawwe tiisdeitejûn mei 1-0 wûn fan Scheveningen. Op Sportpark Houtrust spilen de Friezen de twadde kwalifikaasjeronde yn de race om de KNVB-beker. Yn de earste ronde fan it lanlik bekertoernoai sille se it opnimme tsjin earedifyzjeklup FC Grins.

Oanfaller Dennis van Duinen - Foto: OrangePictures

It spul begûn mei in flinke ôffaller foar Harkemase Boys: Curty Gonzales foel blesearre út. Dêrnei like it better te gean foar de Friezen. Jari Slot rekke de peal. Hy waard mei in fraaie pass fan Jesse Renken fuortstjoerd. Hy passearre de keeper, mar rekke dêrnei de binnenkant fan de peal. By rêst wie it noch altyd 0-0.

Nei rêst kaam der mear skot yn 'e saak. Dennis van Duinen makke fan de râne fan de sechstjin meter ôf de 0-1. Dat wie it iennichste doelpunt fan de wedstriid en dêrmei ek de einstân.

Harkemase Boys hat him hjirmei pleatst foar it lanlik bekertoernoai. Yn de earste ronde treffe de Friezen foar it earst sûnt 2013 (NEC, 0-8) wer in earedifyzjeploech. Se nimme it dan nammentlik op tsjin FC Grins. De wedstriid wurdt spile op 29, 30 of 31 oktober.

Dy earste ronde smyt de klup sawiesa 10.000 euro op. Dêr komme de fertsjinsten fan de kaart- en drankferkeap noch by. Harkemase Boys wol fan de winst de klaaikeamers útwreidzje, omdat it oantal leden de ôfrûne tiid tanaam is.

(advertinsje)
(advertinsje)