Histoarje Holwerter famyljebedriuw optekene yn boek

24 sep 2019 - 20:00

Minsken út de regio Noardeast-Fryslân kenne se miskien noch wol: it famyljebedriuw Brouwers Carrosserie en Wagenbouw. Fan it begjin fan de tweintichste iuw ôf boude de firma Brouwers yn Holwert hiel wat auto's en oare weinen. Fjirtich jier lyn hold it bedriuw op te bestean, mar tiisdeitemiddei waard safolle jier letter yn Dokkum in boek oer de skiednis fan Brouwers presintearre.

It boek kaam ta stân troch in tafallige moeting yn Eindhoven. Leafhawwer fan histoaryske auto's en frachtweinen Dirk de Jong brocht in besite oan it DAF-museum. Dêr trof De Jong in frijwilliger, dy't fuort oer it bedriuw 'Brouwers Carrosserie en Wagenbouw' begûn, doe't er hearde dat er út Dokkum kaam.

DAF makke yn it ferline allinnich mar sjassys, en ferkocht dy ûnder oare oan Brouwers Carrosserie en Wagenbouw, dat fan 1914 oant 1979 bestie. It bedriuw makke dêr ûnder oare bedriuwsauto's, bussen en lykweinen fan. It bedriuw hat twa wrâldoarloggen oerlibbe troch op tiid en tûk materialen yn te slaan.

Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries

Ferslachjouwer Willem de Vries prate mei Sytze Brouwer

Dit makke De Jong nijsgjirrich en sa begûn syn syktocht. Oer dy histoarje is no in boek makke mei sa'n 200 foto's en de bysûndere ferhalen fan âld-wurknimmers en famylje fan de oprjochters.

It boek is skreaun troch Jaap Brouwers. It earste eksimplaar waard tiisdei yn it Hellinghûs yn Dokkum oerlange oan Tjeerd Jongsma fan it Historisch Informatiepunt Noordoost-Fryslân, út hannen fan Sytze Brouwers, ien fan de neikommelingen fan de famylje Brouwers.

Ferslachjouwer Willem de Vries wie by de presintaasje fan it boek

(advertinsje)
(advertinsje)