Fenna Kalma opnaam yn seleksje Oranjeliuwinnen

24 sep 2019 - 19:26

De 19-jierrige Fenna Kalma út Haskerhoarne is selektearre foar de Oranjeliuwinnen. Kalma spilet op dit stuit as spits foar FC Twente. Bûnscoach Sarina Wiegman docht in berop op Kalma no't de EK-kwalifikaasjeduels foar de doar stean.

Foto: OrangePictures

De Oranjeliuwinnen spylje yn oktober twa EK-kwalifikaasjeduels. It earste duel is op 4 oktober tsjin en yn Slovenië. In pear dagen letter folget it duel tsjin Ruslân. Dy wedstriid spylje se yn Eindhoven.

Ek Friezinnen Sherida Spitse en Loes Geurts sitte by de seleksje.

(advertinsje)
(advertinsje)