Begrutting provinsje Fryslân sakket nei 430 miljoen euro

24 sep 2019 - 19:20

De provinsje Fryslân hat hieltyd minder jild om hannen. Yn 2016 hie de provinsje noch in begrutting fan 740 miljoen, mar de begrutting fan takommend jier beslacht noch mar 430 miljoen.

Sander de Rouwe (rjochts) oan tafel mei Douwe Hoogland en Kommissaris Arno Brok - Foto: Omrop Fryslân

De begrutting is no in stik lytser, omdat de provinsje op dit stuit folle minder grutte projekten útfiert, lykas akwadukten en nije autodiken as De Heak om Ljouwert of de Sintrale As. Boppedat binne de Nuon-jilden fierhinne op. Om alle ambysjes foar it kommend jier wier te meitsjen, wol de provinsje besykje om mear jild út Den Haag en Brussel te heljen, seit deputearre Sander de Rouwe fan finânsjes.

Europeeske wike foar de regio's

It provinsjaal bestjoer sit yn oktober in hiele wike yn Brussel foar de Europeeske wike foar de regio's, om te netwurkjen, temagearkomsten te organisearjen, mar ek om te fernimmen hoe't Fryslân it bêste gading meitsje kin nei Europeeske fûnsen. "Omdat we sels minder finansjele middels hawwe, is gearwurkje hieltyd wichtiger; op lokaal, regionaal en Europeesk nivo", seit De Rouwe dêroer.

Enerzjytransysje

De provinsje wol takommend jier 'stappen sette' mei de enerzjytransysje. De provinsje wol hjirfoar in Regionale Enerzjy Strategy ûntwikkelje yn gearwurking mei gemeenten, it Wetterskip en enerzjypartners. Fierder wol de provinsje jild frijmeitsje foar ferkearsfeiligens, en de tema's feangreidegebiet en lânbou.

Deputearre Sander de Rouwe oer de begrutting fan 2020

(advertinsje)
(advertinsje)