Boereprotest op 1 oktober: "We moatte derfoar soargje dat we it mei-inoar oplosse"

24 sep 2019 - 18:37

Pikeboer Meindert Talma fan Twizelerheide giet takom tiisdei net nei de grutte boeredemonstraasje yn Den Haag. Dat lit hy oer oan de jeugd, seit hy. Mar hy stiet der wol achter. Hy is it net iens mei ideeën om de yntinsive feehâlderij yn Nederlân mei de helte yn te krimpen om de stikstofútstjit omleech te bringen. Neffens Talma docht de sektor in hiel soad oan duorsumens en dat wurdt net genôch sjoen en wurdearre. Boeren moatte dat mear sjen litte.

De boeren reagearje mei harren demonstraasje op de lêste foarstellen út de polityk wei om de lânbou de kommende jierren flink yn te krimpen fanwege it stikstofprobleem. It bedriuw fan pikeboer Meindert Talma rint goed. Hy hat krekt ynvestearre yn it Beter Leven-keurmerk en is fan twa nei trije stjerren gien. "Trije stjerren is it heechst helbere. Wy steane kwa stjerren lyk oan biologyske aaien."

Oprop D66 wie de drip

De resinte oprop fan D66-keamerlid Tjeerd de Groot om de sektor mei 50 persint yn te krimpen om it stikstofprobleem op te lossen, is de drip wêrtroch't de amer no oerrint by de boeren. Ek de kommisje Remkes, dy't út namme fan it kabinet ûndersyk docht nei it stikstofprobleem, koerst oan op in krimp fan de lânbou.

Neffens de boeren docht de sektor al in hiel soad om dizze problemen temjitte te kommen. Mar fanút de maatskippij en de polityk wurdt dit net wurdearre. It liket wol as krije boeren oeral de skuld fan.

Talma wie dus krekt op 'e tiid mei de ynvestearrings yn syn bedriuw. "Myn earste gedachte wie: okee, minder fee, dat kin wol. As ik mar likefolle fertsjinje. Mar wy hawwe ek noch bern dy't miskien wol boer wurde wolle. En we hawwe personiel. Dêr hawwe je ek in ferantwurdlikheid tsjinoer. Je wolle de minsken om je hinne ek graach hâlde. Dan is it net realistysk om te sizzen dat je de helte minder fee wolle."

Meindert Talma - Foto: Omrop Fryslân, Gerrit de Boer

Neffens Talma is it miskien wol goed dat de PAS-regeling no ôfsketten is troch de rjochter. "No kin hiel Nederlân sjen dat net allinnich de boeren mei de stikstofútstjit te krijen hawwe, mar ek de bou, de diken en de loftfeart. Yn de pikehâlderij binne wy al hiel fier yn ús techniken om de útstjit te beheinen. No moatte we derfoar soargje dat we it mei-inoar oplosse."

Pikeboer Meindert Talma

Omrop Fryslân bringt dizze wike op radio, telefyzje en ynternet in searje reportaazjes oer de boeren en harren fyzje op de takomst.

As twadde yn dizze rige Meindert Talma, dy't mei syn frou in hinnebedriuw hâldt fan yn totaal 85.000 hinnen op twa lokaasjes. It bedriuw hat fyftich bunder lân foar de frije útrin fan de hinnen en leveret aaien mei in 'Beter Leven-keurmerk' mei trije stjerren, de heechste kategory foar bistewolwêzen.

(advertinsje)
(advertinsje)