Earste dei heger berop A7-blokkearders: fiif fertochten foar de rjochter

Yn it heger berop tsjin in groep fan A7-blokkearders hawwe tiisdei fiif fertochten oan it wurd west. Se stean terjochte foar harren belutsenens by de blokkade fan de grutte dyk A7 twa jier lyn, mei de lanlike yntocht fan Sinteklaas. Ferline jier waarden se feroardiele ta taakstraffen, omdat se neffens de rjochtbank gefaar feroarsake hiene en oaren it rjocht op demonstraasje ûntnaam hiene.
Earste dei heger berop A7-blokkearders: fiif fertochten foar de rjochter
Ien fan de fertochten sei tiisdeitemiddei dat er noch altiten achter de aksje stiet. In oarenien seit dat er wit dat er wat ferkeards dien hat, mar dat er de straf te heech fynt. Se sizze ek dat se slimmer foarkaam hawwe troch de anty-swartepite-aktivisten tsjin te hâlden.
Foar- en tsjinstanners by it Gerjochtshôf © Omrop Fryslân
Jenny Douwes moast ek foarkomme. Sy seit dat se de oprop foar in 'langzaam-aan-actie' op de A7 dien hat foar de feilichheid fan de bern yn Dokkum. "We wiene helendal net fan doel om in strafber feit te plegen. De langzaam-aan-aksje wie in sinjaal, Ik bin gjin profesjonele aksjiefierder." Dat de aksje op Facebook sa grut wurde soe, hie se nea ferwachte en "dêr haw ik gjin ynfloed op hân."
Der binne noch twa dagen foar de behanneling fan it heger berop útlutsen. Woansdei stean tsien fertochten foar it gerjochtshôf. Fiif fan harren komme net opdaagjen. Woansdeitemiddei sprekke leden fan de Kick Out Zwarte Piet. Op tongersdei sil it Iepenbier Ministearje de eask formulearje en kriget de ferdigening gelegenheid foar in pleit.
Motorrider Jan Zandberg