Skippers fan oanfarring op Waadsee lizze skuld byelkoar

24 sep 2019 - 16:31

De beide skippers, dy't moandeitemiddei belutsen wiene by in oanfarring op de Waadsee, lizze de skuld byinoar del. Dat seit de plysje, dy't moandei lang dwaande west hat mei ûndersyk nei it ûngelok.

By it ûngelok op de Waadsee bruts de efterste mêst fan in charterskip nei in oanfarring mei in fiskersskip. Ien persoan waard fan board helle mei lêst fan de rêch en waard nei it sikehûs ferfierd.

Neffens in wurdfierder hat de plysje moandei lang dwaande west mei it sammeljen fan ferskate gegevens. Sa ha se ûnder oare sjoen nei de snelheid en de koers fan beide skippen op it momint fan de oanfarring. Ek binne beide skippers en in tsjûge heard. Mei al dy ynformaasje wurdt der no earst in rekonstruksje fan it ûngelok makke.

Foto: CAMJO Media
(advertinsje)
(advertinsje)