Repetearje yn de kroech moat lûkharmoanika rêde

24 sep 2019 - 15:50

It giet net goed mei de lûkharmoanikaklups yn Fryslân. Op in soad plakken besteane se al net mear, lykas as yn Snits, of liede se gjin kursisten mear op, lykas yn Grou. Stichting Trekharmonica Peije yn Drachten is in útsûndering. Mei sa'n santich kursisten en acht nivogroepen, dy't alle wiken repetearje, draait it wol goed.

Foarsitter Meinard Wendelaar Bonga - Foto: Omrop Fryslân, René Koster

Neffens foarsitter Meinard Wendelaar Bonga hat ek de Drachtster klup te krijen mei fergrizing en kostet it hieltyd mear ynspanning om nije oanwaaks te krijen. "Mei goede muzyk en kundige dosinten komme we in hiel ein, mar benammen de sfear docht it him", fertelle de kursisten. Oan dy sfear helpt ek de lokaasje fan de repetysjes mei: brún kafee Markzicht yn Drachten.

Wendelaar Bonga sjocht noch folop takomstkânsen foar de 'treksek'. Hy neamt it in praktysk ynstrumint dat je fanwege it formaat ek maklik meinimme kinne, bygelyks op fakânsje. "En sa gau't der spile wurdt, komt der sfear."

Wa't belangstelling hat, kin him noch oanmelde yn Drachten. Ek sûnder ûnderfining kinne je al meidwaan.

Ferslachjouwer René Koster gie nei de repetysjejûn yn Drachten

(advertinsje)
(advertinsje)