Nim dyn húsdier mei nei spesjale Dieredei-Iepen Up Live
Dieredei komt deroan en dêrom giet Iepen Up oare wike woansdei oer de raazje fan skattige húsdieren op ynternet. Jonge poeskes wurde omraak besjoen en krije in soad tomkes. Hasto thús ek in leaveling dy'tst graach sjen litte wolst oan de wrâld, kom dan oare wike woandei nei Neushoorn nei Iepen Up live.
Wat kinne de besikers ferwachtsje?
Eltsenien is dy jûn wolkom mei syn of har húsdier. Bern, âlden en alles dêr tuskenyn, krije dy jûn de kâns om te fertellen wêrom oft krekt har of syn bist it leafste bist fan de wrâld is.
Hoe kinne minsken meidwaan oan dizze jûn?
Dat kin troch in sprekbeurt te hâlden, in gedicht te skriuwen of in lietsje te sjongen oer it leafste poeske, knyn, hûn of hynder. Mei of sûnder foto's of filmkes. Of noch moaier, nim it favorite bist mei nei Iepen Up live en lit it sjen oan it publyk.
Hoe kinne de bern harren opjaan, as se wat oer harren leafste bist sizze wolle?
Dat kin troch harren oan te melden by omropfryslan.nl/iepenUP. Klik op de button en der ferskynt in opjefteformulier dêr't namme, telefoannûmer en it bist op ynfolle wurde kin. Set der foaral by wêrom't krekt dat poeske of dy goudfisk de leafste of moaiste of hiel bysûnder is.
Hoe sjocht de jûn der fierder út?
Der komme ek noch ferskate Fryske dichters mei spesjale poëzij oer bisten. En ek noch spesjaal omtinken foar in stichting yn Fryslân dy't har dwaande hâldt mei de opfang fan strjithûnen en mishannele bisten út Roemenië. Dêrnjonken sille ferskate artysten sjonge oer har favorite húsdier of oarssoarte bisten
Iepen Up, alle woansdeis fan 20.00 oere ôf yn it kafee fan Neushoorn en live te folgjen op de webside fan Omrop Fryslân of op de app.