Plysje docht ynfal yn maneezje en soarchbuorkerij Dokkum

24 sep 2019 - 15:09

De plysje hat tiisdeitemoarn in ynfal dien yn maneezje en soarchbuorkerij De Osseweide yn Dokkum. Dêrby is in wapen oantroffen.

Foto: De Vries Media

Der wie in anonime tip binnenkaam dat der fjoerwapen wêze soe. De plysje hat yn it gebou ûndersyk dien en dêrby in luchtdrukwapen fûn. Dat is yn beslach naam. Der binne gjin persoanen oanhâlden.

Eigeneresse De Jong fan de soarchbuorkerij fertelt dat der in anonime falske tip binnenkaam wie by de plysje. Dy soene in doar iepenbrutsen hawwe en kezinen ûntsetten hawwe, wêrnei't se it pân yngiene.

"Meerdere cliënten zijn heel erg van streek door de actie. Men heeft uiteindelijk een luchtbuks in beslag genomen, die niet binnen de wapenwet valt. De hele situatie was - naar mijn inziens - erg overdreven", seit De Jong.

Trefwurden: 
Dokkum soarchbuorkerij wapen
(advertinsje)
(advertinsje)