Plysje op syk nei tsjûgen fan berôving yn Stiens

24 sep 2019 - 15:03

De plysje is op syk nei tsjûgen fan in berôving op 12 maaie fan dit jier op de merke yn Stiens. In 18-jierrige ynwenner fan Hallum waard dêr yn elkoar slein en bestellen fan syn beurs.

De Hallumer waard yn de Wylpstrjitte oansprutsen troch fjouwer, foar him ûnbekende, jonges. Ien fan dizze jonges pakte syn telefoan ôf, wêrnei't der rûzje ûntstie. Hjirby krige it slachtoffer in klap mei in boksbûgel tsjin syn holle. Hy rekke efkes út de tiid. Doe't hy bykaam, hie hy syn telefoan werom, mar wie syn beurs fuort.

De man út Hallum moast troch in dokter oan syn ferwûningen behannele wurde. De plysje hat no kamerabylden online set en is op syk nei tsjûgen fan de mishanneling, of nei minsken dy't wat werkenne op de kamerabylden.

Trefwurden: 
plysje mishanneling Stiens
(advertinsje)
(advertinsje)