Sushi en wynmûnen: Fryske filmmakkers meitsje film oer Japan

24 sep 2019 - 14:50

Sushi en wynmûnen, soajasaus en de Wetterpoarte: Fryske filmmakkers meitsje in film oer Japan.

Om kultuer út te wikseljen meitsje Fryske filmmakkers in portret fan de Japanske kultuer nei in besite oan dat lân. It is de earste yn in rige films fan Global Media Creators oer oare kultueren troch de eagen fan Friezen.

Regisseur André Bijma en kameraman Jorrit Meinsma binne krekt werom fan in besite fan twa wiken oan Japan. Dat wie mooglik troch sponsoaring út Japan wei. In ôfnimmer fan de film is der noch net. Bijma: "We denken aan vertoning op festivals, in de bioscoop en op internet of op televisie."

What's cooking yn Japan is bedoeld foar fertoaning oan leafhawwers hjir en yn Japan en giet ek in soad oer de ytkultuer.

Fryske filmmakkers werom út Japan - Foto: Ronnie Porte

De film giet ek oer hoe't der nei ús sjoen wurdt. Yn Japan treffe se werkenbere saken. Se filmen yn temapark Huis Ten Bosch wynmûnen, kij en in replika fan de Snitser Wetterpoarte. "Ik seach dêr boaten omfarren mei Joure en Makkum derop. Op in molkbus stie Takomst. Dat is wol even moai om te sjen", seit Meinsma. "Dan fiele je je dochs wer in bytsje thús."

De Snitser Wetterpoarte yn temapark Huis Ten Bosch yn Japan - Foto: Ronnie Porte

De reis wie foar de jonge kameraman wol wat in kultuerskok, mar dêrtroch falle je wol saken op. "Doe't we in yn it hotel in bierke bestelden by de roomservice, waard dat brocht troch in robot. Dat fûn ik dan ek wol wer typysk."

In robot bringt bier del by de hotelkeamer - Foto: Ronnie Porte

De makkers wolle de sjoggers sjen litte dat der in iuwenlange bân bestiet tusken Japan en Nederlân mei útwikseling fan kultueren. De Japanske taal hat sels wurden mei in Nederlânske achtergrûn.

Neffens Bijma is it Japanske 'orugoru' foar 'spyldoaze' ôflaat fan it Nederlânske 'orgel'. "En 'luilak' is in het Japans 'dontaku', wat afgeleid is van het Nederlands 'zondag', oftewel onze 'luie dag." Wurden dy't ek noch oerienkomme, binne: arbeid (arubaito), dan (dansu), scalpel (mesu) en trap (torappu).

Ien fan de folgjende projekten is What's cooking op Tûvalû, wêrby't de Friezen in film meitsje sille oer it eilân yn de Stille Súdsee.

Ferslachjouwer Ronnie Porte praat mei Jorrit Meinsma en André Bijma

(advertinsje)
(advertinsje)