HEA! Hûnetrainster Maco Hoogenboom

24 sep 2019 - 14:20

Maco Hoogenboom fan Wurdum is hûnetrainster. Foar de feriening fan Border Collys fangt se hûnen op dy't traind wurde moatte foar by skiep. Mei har eigen hûnen en de trije dy't no yn training binne, hat se no tolve hûnen dy't se fersoarget. In hiele put, mar ek geweldich moai wurk. It allerleafste is se alle dagen by de bisten. Nei har wurk of by útstapkes is se dan ek sa gau as mooglik wer thús.

(advertinsje)
(advertinsje)