Lege ryksbydrage twingt Opsterlân ta foarse besunigings

It finansjele takomst fan de gemeente Opsterlân jout reden ta soarch. Dat docht bliken út de begrutting foar 2020 dy't de gemeente tiisdei presintearre hat. In wichtige reden foar de soargen is de te lege útkearing fan it Ryk foar de útfiering fan de taken yn it sosjaal domein, sa as jeugdsoarch.
© Pexels.com
De gemeente Opsterlân moat foars besunigje om in passende begrutting te meitsjen. Oan de oare kant wol it kolleezje de ambysjes út it koälysje-akkoart safolle mooglik útfieren bliuwe.
Wethâlder Rob Jonkman fan de gemeente Opsterlân
It útgongspunt fan de begrutting is om de tsjinstferliening oan de ynwenners fan de gemeente Opsterlân safolle mooglik yn stân te hâlden. De gemeente sil wol it ûnderhâld fan it grien yn Opsterlân ferleegje.
It kolleezje wol yn it sosjaal domein jild besparje troch mear de klam te lizzen op de previnsje, it foarkommen en it ferminderjen fan swierdere soarch en troch de selsredsumens fan de ynwenners te fersterkjen. De gemeente sil ek yn petear mei de soarchoanbieders om de kosten foar de soarch te ferleegjen.
De gemeente bliuwt mei oare gemeenten lobbyen foar in hegere bydrage fan it Ryk. De gemeenteried nimt op 4 novimber in beslút oer de begrutting.