Slachthûs Dokkum docht oanjefte tsjin meiwurkers NVWA

24 sep 2019 - 12:47

Slachthuis Dokkum hat by it ministearje fan Lânbou oanjefte dien tsjin fjouwer meiwurkers fan de Nederlandse Voedsel- en Warenautoriteit (NVWA). "We voelen ons geïntimideerd", zeit direkteur-eigenaar Visser fan it slachthûs.

Foto: Mobiel Slachthuis

De meiwurkers fan de NVWA sizze yn in reportaazje fan RTL Nieuws dat de kij ûnnedich lang te lijen hawwe troch de wurkwize fan de Mobiele Dodings Unit (MDU). It mobile slachthûs wurket mei rûtes en skema's wêrtroch't se minder fluch by in buorkerij binne om in ko út it lijen te ferlossen, as bygelyks in bistedokter. Mar boeren soene it slachthûs leaver hawwe as in bistedokter, om't in ko yn it slachthûs noch jild opsmyt.

Visser is it net mei dy beskuldiging iens. "Voor de acute noodgevallen is er altijd een mobiele slachtwagen stand-by", seit er. "Als de veearts van de boer een noodslachtverklaring afgeeft, kunnen deze dieren direct gedood en verbloed worden." Dêrnjonken is benammen de feehâlder ferantwurdlik foar it wolwêzen fan de ko.

Sike bisten

Kij dy't mooglik noch geskikt binne foar konsumpsje, meie gjin medisinen yn it lichem hawwe as se slachte wurde. It komt dêrom wolris foar dat der kij oanbean wurde by de Mobiele Dodings Unit dy't trochdat se gjin medisinen krigen hawwe, net mear geskikt binne foar de slacht. Wylst dat mooglik wol de hoop wie. De meiwurkers fan de NVWA neame dat ûnnedich lijen. Wylst krekt dy MDU in oplossing wêze moast om ûnnedich lijen tsjin te gean.

It is by de wet ferbean om sike bisten dy't net mear rinne kinne, te ferfieren. As in boer dochs in siik bist nei it slachthûs bringe wol, dan moat er in feedokter komme litte om it bist ynsliepe te litten. Dat kostet jild. Wannear't er de MDU ynskeakelet, kin it bist de boer noch jild opsmite, as bliken docht dat it fleis fan de sike ko noch geskikt is foar konsumpsje.

Gearwurking mei ministearje

Der is goed twa jier wurke oan it MDU, en dit is dien yn gearwurking mei de NVWA en Wageningen University. Ein ferline jier hat minister fan Lânbou Carola Schouten tastimming jûn foar in proef mei fjouwer fan ditsoarte frachtweinen yn Noard-Nederlân. Wurdfierder Gerbrand Nicolai fan it slachthûs yn Dokkum lit witte dat it slachthûs him oan de betingsten fan de NVWA hâldt en dêrmei neat mis docht.

"Dizze fjouwer meiwurkers fan de NVWA sprekke harren eigen betingsten tsjin. De ynspeksje en de hanthavening sprekke inoar tsjin. En no troch de kommoasje fan de berjochtjouwing fan RTL Nieuws stean wy yn in min deiljocht."

It mobile slachthûs is yn it libben roppen om sike bisten, dy't net ferfierd wurde meie, wol slachtsje te kinnen. De bisten wurde op lokaasje neisjoen troch in feedokter, ferdôve en deamakke. It slachtsjen bart yn in slachthûs. Dêr wurdt it fleis altyd noch keurd oft it geskikt is foar konsumpsje.

Yn in skriftlike reaksje lit de NVWA witte dat de MDU in oplossing wêze moast. Om't de proef noch rint en de evaluaasje noch net klear is, wolle se fierder gjin útspraken dwaan oer de Mobiele Dodings Unit.

Trefwurden: 
Dokkum NVWA kij slachthûs
(advertinsje)
(advertinsje)