FIDEO: Doutzen siket Fryske ynstek foar flochs

24 sep 2019 - 12:35

Topmodel Doutzen Kroes jout minsken sûnt in wike de bysûndere kâns om te sjen hoe't har libben der no echt útsjocht. Se makket filmkes fan har deistich libben as topmodel, mem en frou, en set dy op de populêre webside YouTube. Mar wat foar Doutzen hiel gewoan is, is foar in soad oare minsken miskien wol bysûnder. Dêrom wol se graach help hawwe fan it Fryske publyk, want wat wolle dy no eins sjen op har YouTube-kanaal? Hokker part fan Doutzen har libben wolle de Friezen no wolris sjen?

Yn it radioprogramma De Middei fan Fryslân kinne harkers fan Omrop Fryslân Doutzen tiisdeitemiddei helpe troch ideeën yn te stjoeren op de Omrop-app of in Whatsappberjocht te stjoeren nei 0620499199.

(advertinsje)
(advertinsje)