Gemeente Ljouwert en ûndernimmers tekenje 'Green Deal'

24 sep 2019 - 12:18

De gemeente Ljouwert en tsientallen ûndernimmers hawwe tiisdeitemoarn de 'Zero Emission Green Deal' ûndertekene, om foar it jier 2025 de binnenstêd fan Ljouwert emisjefrij te krijen. Ek moatte der minder auto's yn de stêd ride.

In soad ûndernimmers dy't it ferdrach tekenen, hawwe pakketbedriuwen. No komme der alle dagen noch in hiel soad bestelbuskes en frachtweinen Ljouwert yn riden, wylst dat neffens in soad bedriuwen ek sammele wurde kin. Dat soe yn ferskate depots kinne krekt bûten de stêd, wêrnei't it mei elektryske buskes nei de winkels brocht wurdt. Guon bedriuwen dogge dat al en in soad oare bedriuwen binne fan doel dêr no mei te begjinnen.

"Gjin oldtimer-dûane"

De stêd wurdt hieltyd drokker mei bygelyks toeristen en dêrtroch wurde de diken ek foller. Dêrom siket de gemeente manieren om de stêd leefber te hâlden. Yn 2025 moat Ljouwert emisjefrij wêze. Mar wethâlder Friso Douwstra wol de ynwenners en besikers net op de kast jeie: "We sille net ien of oare dûane opwerpe foar minsken dy't mei in âlde auto de stêd yn wolle, mar we freegje harren wol om mei te tinken. Fryslân krimpt, mar de haadstêd groeit wol. Dy moatte we leefber hâlde."

(advertinsje)
(advertinsje)