Eaststellingwerf hat oplossing betocht foar in stikstofprobleem

24 sep 2019 - 12:07

De gemeente Eaststellingwerf tinkt op in tûke wize om de stikstof-regels hinne wurkje te kinnen. Dit moat barre by de oanlis fan in sinnepark oan de Duistereweg yn Easterwâlde. It sinnepark krijt in fermogen fan 11 MWp. Dit is genôch foar 12.000 húshâldens.

Foto: Omrop Fryslân

De inisjatyfnimmer fan it sinnepark hat de gemeente Eaststellingwerf no frege nei de mooglikheden om it park oars oan te lizzen. It is de bedoeling dat it park folslein mei elektryske masines oanlein wurde sil. Dit wol er dwaan nei oanlieding fan de útspraak fan de Raad van State oer stikstof yn Nederlân. "De initiatiefnemer heeft aangegeven dat de gehele aanleg van het zonnepark met inzet van elektrisch materieel gerealiseerd kan worden; er zal dan ook geen stikstofuitstoot zijn", dat lit de gemeente witte.

Oan de omjouwingsfergunning is troch it kolleezje fan Eaststellingwerf no in foarskrift tafoege dy't de oanlis en it ûnderhâld fan it sinnepark troch elektrysk materieel foarskriuwt.

(advertinsje)
(advertinsje)