Spesjaal nûmer foar dupearre reizgers Thomas Cook

24 sep 2019 - 10:21

In spesjaal garânsjefûns, SGR, hat in telefoannûmer iepene foar dupearre reizgers dy't mei Thomas Cook op fakânsje binne of op fakânsje gean soenen. Sy kinne belje mei 070-30 711 11. Dat nûmer is allinnich foar reizgers dy't al op har bestimming binne en ek yn de problemen kaam binne.

Fakânsje - Foto: Shutterstock.com

Gearwurking

It garânsjefûns wurket gear mei reis-organisaasje TUI, dy't de reizgers wer fierder helpet. Ek stean der in soad oare reisburo's SGR by. Thomas Cook Nederland die moandei by de SGR melding fan de finansjele problemen. Der wurdt noch net praat oer in fallisemint. Alle reizen fan minsken dy't mei Thomas Cook Nederland mei it fleantúch op fakânsje woenen binne foarearst ôfsein.

Ungerêste Friezen

Reisburo VakantieXperts yn Ljouwert krige moandei in soad telefoantsjes fan ûngerêste reizigers nei oanlieding fan it fallisemint fan reisoanbieder Thomas Cook. VakantieXperts is mei D-Reizen de grutste oanbieders fan reizen fan Thomas Cook. It bedriuw wurket mei ferskate senario's.

Minsken dy't al mei fakânsje binne, wurdt oanret om kontakt op te nimmen mei de reislieding fan Thomas Cook. Minsken dy't boekt ha, mar noch net fuort binne, krije de mooglikheid om de reis om te boeken by in oare organisaasje. As minsken wolle, kinne se ek har jild werom krije.

(advertinsje)
(advertinsje)