Kollum: "In Frysk midsiuwsk doarp"

"By it oarlochsgeweld yn Syrië binne in heal miljoen minsken dearekke. Troch it ferneatigjen fan erfgoed is ek de kulturele identiteit fan in folk ferplettere. Dat wie de ynlieding fan it programma De kennis van nu."
© Omrop Fryslân, Joris Kalma
Willem Schoorstra: "Ferneatigjen fan erfgoed ferpletteret kulturele identiteit"
"Dy ôflevering fan foarige wike gie oer it ferneatigjen fan kultureel erfgoed en de impact dy't dat op minsken hat. It docht bliken dat dy yngripend en swier traumatysk is. Ien fan de minsken dy't oan it wurd kaam, wie de eardere direkteur fan it museum yn Raqqa, Ayham Al-Fakhri. Doe't it geweld yn de strjitten fan Raqqa losbarste, hie er yn in refleks it museum sletten om de skatten fan it kulturele ûnthâld fan it folk te beskermjen. Omdat er sels ek in doelwyt fan IS wie, hie er flechtsje moatten. Sadwaande seach er letter pas de opnamen fan it museum, dat leechrôve en oan grom slein wie.
Dat bline ferneatigjen fan bylden, timpels en allerhanne archeologyske objekten neamde Theo de Feyter 'eksekutearjen'. De Feyter is keunstner en archeolooch. Hy hat withoefaak yn Syrië west om te tekenjen en te skilderjen, yn 't bysûnder de arsjitektuer fan it lân. Koartlyn hat er wer yn Syrië west, en hy fertelde dat it noch slimmer wie as oft er tocht hie. Fan bygelyks de Bel-timpel dy't er earder skildere hie, stie no allinne de poarte noch fan oerein. Dy ienlike poarte lei de klam op it feit dat de rest ferdwûn wie. Der wie, sa sei er, romte foar it op 'e nij skeppen fan wat fernield wie, en syn skilderijen spilen dêr in wichtige rol yn. De minsken wiene de earste prioriteit, it regenerearjen fan de kulturele identiteit de twadde.
Dat kultureel erfgoed sels minskelibbens rêde kin, fertelde Sara Nire, in Somalyske flechtlinge. Troch de kennis fan har beppe hiene sy en har bruorkes en suskes oerlibje kinnen doe't se op 'e flecht wiene foar de oarloch yn Somalië. "Erfgoed is net allinne in moai museum mei objekten dy'tst konservearrest, mar it is ek dat wat dy letterlik op 'e fuotten hâldt", sa fertelde Sara. Fan har beppe wist se hoe't se wetter fine moast, watfoar medisinale planten se brûke koe, hoe't se fan akaziahout hutten meitsje moast en bekers om út te drinken. "Minsken stean faak net stil by kultuer," sei se. "Mar it is krekt belangryk om dêr omtinken oan te jaan. Erfgoed kwytreitsje is in slim traumatyske ûnderfining."
Sokke ferhalen meitsje dúdlik hoe essinsjeel oft kultureel erfgoed is. It op 'e nij skeppen fan bygelyks de bôge fan Palmyra mei digitale helpmiddels en skilderijen jout de minsken yn Syrië wer hope, hope op in takomst dêr't se harren kulturele identiteit wer yn fine kinne. Mei beppe har ymmaterieel erfgoed hat Sara út Somalië it libben derôf rêden.
Hoewol't it gelokkich neat fan sok drama hat, moast ik dochs tinke oan it ûndernimmen dêr't ik, mei in geweldige groep minsken, mei dwaande bin. Nammentlik it opsetten fan in Frysk doarp út de iere midsiuwen. Dat hat ek alles te krijen mei kulturele identiteit. Mei it witten wêr't je weikomme en wat jin grûn ûnder de fuotten jout. Mei materieel en ymmaterieel erfgoed dat o sa wichtich is. In ryk besit dat wy mei de wrâld diele kinne."