"It giet yn de útwedstriden gewoan om punten en dy hawwe wy helle"

It wie net de bêste wedstriid fan it seizoen mar de punten binne binnen, en SC Cambuur stiet wer op it tredde plakje yn de Keuken Kampioen Divisie. "It giet yn de útwedstriden gewoan om punten en dy hawwe wy helle", wie de koarte konklúzje fan trainer Henk de Jong nei ôfrin fan de wedstriid.
Henk de Jong nei oerwinning tsjin PSV
It wie net in maklike wedstriid foar de Ljouwerters, moandei yn Eindhoven. "De earste tsien minuten hiene wy it dreech mei it beweechlike fuotbal, dêrnei hiene wy it aardich ûnder kontrôle", analysearret De Jong nei ôfrin.
De Ljouwerters krigen nei de earste begjinfaze aardich wat kânsen yn de earste helte, mar it doelpunt woe mar net falle. "En dan is it dreech de twadde helte." De ploech moast doe ek noch in reade kaart ferwurkje. Gewoanwei in klap dy't in ploech tebekset. Mar dat barde moandeitejûn net mei Cambuur, seach De Jong. "Doe't wy de reade kaart krigen kaam it grimmitige nei boppen, dus dy kaart is net goed te praten, mar it hat ús miskien wol de trije punten brocht."

Handich

Doelpuntemakker Calvin Mac-Intosch wie nei ôfrin fan de wedstriid benammen ferromme. "Vooral omdat we van tevoren al dachten dat het een moeilijke wedstrijd zou zijn. Jong PSV kan goed voetballen, met allemaal behendige spelers." Dy handichheid hie de ferdediger sels ek doe't hy de 1-0 makke: "Ik stond met rug naar het doel, en ik denk het enige wat ik kan doen is een omhaal maken."
Foarôfgeand oan de wedstriid hie De Jong noch warskôge om Jong PSV, dy't op dit stuit ûnderoan de Keuken Kampioen Divisie steane, net te ûnderskatten. En ek nei de wedstriid bliuwt de trainer by syn stânpunt: "Dit PSV sil noch in soad punten pakke."
Calvin Mac-Intosch nei de oerwinning tsjin PSV